Dochs fytsrûte troch Holwert

© Omrop Fryslân
De gemeente Dongeradiel wol Holwert kompensearje foar it ferdwinen út de rûte foar de fytsalvestêdetocht. In pear jier ferlyn waard it doarp skrast. Ynwenners en middenstân protestearren.
Dongeradiel wol no it doarp opnimme yn de lusrûte om de Lauwersmar hinne. De ANWB is akkoart as de gemeente mar betellet. De gemeente praat meikoarten mei Doarpsbelang oer it foarstel.