Mishannelingen fan famkes

21 apr 2002 - 00:00

In famke (18) is sneintemoarn mishannele op it Ruterskertier yn Ljouwert. Se hie in snijwûne yn it gesicht en moast nei it sikehûs. In 24-jierrige ynwenster út de stêd is oanhâlden. De plysje siket tsjûgen foar de tadracht.

Ek yn Wolvegea krige in famke (18) in snij yn it gesicht. Se moast nei it sikehûs. In oar famke (15) is oanhâlden. It gie om spul tusken twa groepen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)