Bysûndere putdeksels yn Ljouwert

20 apr 2002 - 00:00

Sân putdeksels yn Ljouwert binne fan sneon ôf de muoite fan it besjen wurdich. Op de deksels steane skulpen ôfbylde. Se ferwize nei de pylgerrûte tusken Sint Jabik en Santiago de Compostela yn Spanje.

Ljouwert wie earder in belangryk sintrum yn de tocht fan 2700 kilometer. No is der inkeld noch in Sint Jacobsstrjitte. Dêr lizze de putdeksels ek.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)