Diskusje op fiskersbeurs

© Omrop Fryslân
Der moatte minder beropsfiskers komme. Dat fynt de Federaasje Fryslân fan sportfiskers. De fiskers wienen sneon op in beurs op De Gordyk. It nijste fan it nijste oer har hobby wie der te sjen, mar der waard ek diskusjearre.
Der soe te min fisk foar de sportfiskers oerbliuwe no't de polityk berops- fiskers mooglik tastimming jout om ek op skubfisken te fiskjen.