Frysk rekord grutste shantykoar

20 apr 2002 - 00:00

Goed fjirtjinhûndert sjongers fan 61 shantykoaren en nochris goed hûndert muzikanten. Dat wienen de yngrediïnten foar in Frysk rekord. Mei elkoar foarmen se sneon yn Thialf it grutste shantykoar fan Nederlân.

It rekord wie in inisjatyf fan PM-TV,in program fan Omrop Fryslân televyzje. De leden songen trije shantyferskes mei elkoar. Ien nûmer wie spesjaal skreaun.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)