Harsenskraabje oer taalbelied

© Omrop Fryslân
Sa'n 70 fertsjintwurdigers fan maatskiplike organisaasjes, bedriuwslibben, sûnenssoarch en oerheden bûgden harren freed oer it Fryske taalbelied. De provinsje woe fan harren ideeën hearre foar it belied foar de kommende jierren. De risseltaten wurde brûkt foar de nije taalnota, dy't ein dit jier ferskine sil. De ynsprekkers wiene útsocht en noege troch de provinsje.