Militêr oefendoarp iepene

19 apr 2002 - 00:00

Yn de Marnewaard, by de Lauwersmar, is freed in militêr oefendoarp iepene, it grutste fan Europa. Yn it doarp kinne soldaten libbensecht konflikt- en helpsitewaasjes oefenje. It hat 122 huzen, winkels, in skoalle en in stasjon.

Waarnimend befelhawwer Seijn fan de lânmacht iepene it doarp yn bywêzen fan de lânmachttop. It oefendoarp is in nij 'paradepaardje' foar definsje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)