De Finne yn Warten wer iepen

19 apr 2002 - 00:00

Yn Warten koe freed de flagge út. Dêr waard it nije gebou fan iepenbiere basisskoalle De Finne iepene. Nei twa jier yn needgebouwen, kinne de bern no wer les krije yn in nagelnije skoalle.

It âlde skoalgebou baarnde op Nijjiersdei 2000 folslein út. Om de bou fan it nije pân wie in soad te dwaan. De gemeente woe earst net ynstimme mei it plan fan it skoalbestjoer.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)