Gjin rjochtsaak oer Wâldwei

19 apr 2002 - 00:00

De provinsje Fryslân begjint gjin rjochtsaak tsjin minister Netelenbos om de fertraging yn de oanlis fan de Wâldwei oan te fjochtsjen. It provinsjebestjoer hat dat besletten nei't it juridysk advys ynwûn hat.

Neffens juristen sil de Wâldwei troch in rjochtsaak net earder fjouwerbaans wurde. Ofpraat wie dat de ferdûbeling 2005 klear is, mar dat slagget dus net.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)