Cao-akkoart by Imperial Tobacco

© Omrop Fryslân
De 300 wurknimmers fan it tabaksfabryk Imperial Tobacco op 'e Jouwer hawwe in nije cao. De fakbûnen hawwe tongersdeitemiddei in akkoart berikt mei de Nederlânske direksje fan it Britse konsern.
De wurknimmers krije in leansferheging fan 35 euro it jier en dan nochris 2%. Imperial Tobacco hat in pear jier ferlyn de tabakspoat fan Douwe Egberts oernaam. It bedriuw makket ûnder oare Drum-shag.