Sulveren Skries nei Makkingea

08 mrt 2012 - 12:49

De Stichting Lokaal Ideaal út Makkingea hat de Sulveren Skries fan 2011 wûn. Dy provinsjale priis giet alle jierren nei it bêste inisjatyf op it mêd fan natuer- en lânskipsbehear. Lokaal Ideaal set him yn foar in duorsumer wrâld. De stichting is noch net sa lang aktyf, mar hat yn Makkingea yntusken al wol in doarsptún opset.

De Sulveren Skries waard útrikt op de Greidefûgelkennisdei yn Earnewâld.

Trefwurden: 
Sulveren Skries
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)