Reade kaarten foar sportfiskers

© Omrop Fryslân
Sportfiskers dy't harren tenei net oan de regels hâlde, kinne it fiskjen wol ferjitte. Foar oertredings, lykas streuperij, krije fiskers tenei in giele of mooglik sels in reade kaart.
Dat is it plan fan de Fryske federaasje fan sportfiskferieningen. Doel is om de groep fiskers, dy't it ferpest foar de rest, hurd oan te pakken. Fryslân telt op it stuit sa'n 24.000 sportfiskers.