Gearwurking trije sikehûzen

© Omrop Fryslân
De sikehûzen yn Fryslân moatte nauwer gearwurkje om de holle boppe wetter hâlde te kinnen. Dêrom binne de sikehûzen fan Snits, It Hearrenfean en Drachten in gearwurkingsferbân oangien.
De sikehûzen slute boppedat in takomstige fúzje net út. Soarchgroep Noorderbreedte, besteande út Oranjeoord yn Harns en it MCL yn Ljouwert, binne net by de gearwurking belutsen.