Ynsammelingsaksje foar kangeroes

18 apr 2002 - 00:00

De herten fan it hertekamp yn De Rottefalle kinne útsjen nei twa nije kangeroes. De foarige kangeroe wie útnaaid mei twa herten en hie syn poat brutsen. Hy moast doe ôfmakke wurde.

It ferhaal makke sa'n soad yndruk op de bern út it doarp, dat se yn aksje kamen. Se ha mei inoar 900 euro ynsammele foar de oanskaf fan de nije kangeroes. Mooglik komt der ek in edukatyf hoekje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)