Kr. Plattelânsfroulju 65 jier

© Omrop Fryslân
It Frysk Kristlik Bûn fan Plattelânsfjoulju bestiet 65 jier en dat waard tongersdei fierd yn de Lawei yn Drachten. Eins besteane se 66 jier, mar ferline jier koe it jubileumfeest fanwege de tongblier net trochgean.
Fjouwer leden dy't al fan it begjin ôf lid binne, waarden yn it sintsje set. It bûn tinkt ek no noch in wichtige stipefunksje te hawwen foar froulju.