Foarsitter DB Mantgum opstapt

18 apr 2002 - 00:00

Foarsitter frou Piebenga fan Doarpsbelang Mantgum is opstapt. Dat hat te krijen mei de diskusje oer de mooglike komst fan in azc yn it doarp. Ut in enkête hat bliken dien dat sawat 90 persint fan de ynwenners fan Mantgum tsjin is op de komst fan in azc. Frou Piebenga dielt dat stânpunt net. Tiisdei sil it bestjoer fan Doarpsbelang har beriede oer de situaasje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)