Utstjoerburo foar Waadeilannen

© Omrop Fryslân
De Waadeilannen sitte simmers altyd te springen om hoarekapersoniel. Mei in eigen útstjoerburo tinkt in hotelketen de oplossing te hawwen. Al 120 minsken steane ûnder kontrakt by de Westcortgroep. Fiif fan de seis hotels fan dy groep binne op de Waadeilannen.
De measte útstjoerkrêften komme fan de hotelskoalle. It buro wol letter ek personiel oan oare hoareka leverje.