Wurk oan tsjerke Wier stillein

08 mrt 2012 - 12:45

De restauraasje fan de tsjerke fan Wier leit stil. De oannimmer dy't de restauraasje docht, is in pear wike lyn fallyt gong. Ynwenners fan Wier binne al jierren dwaande om de tsjerke op te knappen. En no is it noch mar de fraach oft it wurk gau klear is.

As de tsjerke klear is, wurdt er brûkt as rou- en troulokaasje, mar ek as eksposysjeromte en konsertseal. Op 7 juny stiet it earste evenemint pland: in reüny fan de famylje fan in âld-skoalmaster út Wier.

Trefwurden: 
restauraasje tsjerke
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)