Jubileumboek 250 jier LC

© Omrop Fryslân
De Ljouwerter Krante bestie moandei 250 jier. De earste jubileumboeken giene dy dei nei de abonnees. Yn it boek steane artikels út dat tiidrek. Ien side foar elk jier en ek nochris 250 siden mei faak spesjaal oanpaste advertinsjes.
It boek weaget 1380 gram en past net troch de brievebus. De besoargers moatte de boeken persoanlik ôfleverje. Der binne 126 tûzen stiks printe.