Wer kangoeroes foar Rottefalle

12 apr 2002 - 00:00

It hertekamp yn De Rottefalle krijt wer in kangoeroe. Twa jildsjitters binne ree om te beteljen foar de oanskaf fan in mantsje en in wyfke. Wannear't de bisten komme is noch net bekend.

Ferline wike ûntkaam de âlde kangoeroe út it kamp. It bist waard in pear dagen letter wer fûn. It moast lykwols ôfmakke wurde, om't it de poat brutsen hie.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)