Bisteklinyk wol skeafergoeding

12 apr 2002 - 00:00

De klinyk foar selsskipsbisten yn Ljouwert is in rjochtssaak begûn tsjin de gemeente. By de klinyk leit in bom út de oarloch. De gemeente soe gjin ôfspraak meitsje wolle oer fergoedzjen fan skea dy't it oprêden dêrfan meibringt.

It sykjen nei de bom duorret al moannen. Dêrtroch hat de klinyk al in soad skea. Mooglik moat it gebou sels ôfbrutsen wurde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)