Wachtlisten thússoarch fuort

© Omrop Fryslân
Nei jierren fan wrotten hat Het Friese Land einlings de wachtlisten oplost. De thússoarchorganisaasje hat dat oprêden troch mear persoaniel yn te setten.
Oare wike begjint Het Friese Land mei in nije wervingskampanje. Der binne op 'e nij twahûndert ekstra wurknimmers nedich. Ek sil de organisaasje it papierwurk minder meitsje troch de ynfiering fan bûskompjûters.