Oerfarder lit boufakkers stean

© Omrop Fryslân
De VVV Flylân is ûntefreden oer de snelboat De Koegelwieck. Hy falt wol gauris út om in defekt of min waar. Ynfalboat De Najade kin minder minsken op. Ek de Koegelwieck sels is faak fol.
Sa koe in groepke boufakkers tongersdei net mear mei. Se wurkje fan moandeis ôf troch en kinne dan nei de fêstewal. Der binne in soad boufakkers op it eilân want der wurdt aardich wat boud.