Boete foar minskesmokkel

© Omrop Fryslân
In 45-jierrige Ljouwerter is tongersdei troch de rjochtbank yn Ljouwert feroardield ta 240 oeren tsjinstferliening en 4500 euro boete. De straf is folle leger as de eask fan twa jier finzenisstraf, wêrfan acht moannen mei betingst.
De feroardielde seit noch altyd dat hy ûnskuldich is. De man levere fleankaartsjes fia syn reisburo dat spesjalisearre is yn reizen nei Somalië.