Nij besikerssintrum oer skipsbou

11 apr 2002 - 00:00

Der komt hieltyd mear belangstelling foar âlde Fryske skipstypen. Dêrom wurdt freed yn Heech in besikerssintrum iepene oer de Fryske skipsbou. Der is ek in eksposysje oer de ielfiskerij en de ielhannel eartiids mei Londen.

Hjirfoar waard doedestiids de ielaak brûkt. Dêr is gjin inkeld eksimplaar fan oerbleaun. It is de bedoeling dat der opnij sa'n aak boud wurde sil.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)