Feiling Kollumeroard ôfkeard

10 apr 2002 - 00:00

De feiling fan it YMCA-gebou Kollumeroard by Dokkumer Nije Silen giet net troch. Mei de jildsjitter is op it lêste momint in akkoart berikt.

Sûnt de start giet it net goed mei it gebou oan 'e râne fan 'e Lauwersmar. De bou rûn fertraging op troch wetteroerlêst en de tongblierkrisis kaam dêr nochris oerhinne. It is noch ûndúdlik oft der in trochstart komt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)