Atoglas net benaud foar twangsom

10 apr 2002 - 00:00

It bedriuw Atoglas yn Ljouwert is net benaud dat de provinsje meikoarten in twangsom oan it bedriuw oplizze sil. Dat seit direkteur Den Hollander fan it keunststof-ferwurkingsbedriuw. Op it stuit foldocht Atoglas net oan de miljeu-easken dy't de provinsje stelt. Op 16 april wurde der nije mjittings dien by it bedriuw. Neffens de direkteur binne dan 4 fan de 6 knyppunten oplost.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)