Meningokok op Lauwerskolleezje

© Omrop Fryslân
Der is wer in nij meningokokgefal yn Fryslân. In learling fan it Lauwerskolleezje yn Bûtenpost is mei de sykte opnommen yn it sikehûs.
De GGD sil fan 't simmer alle Fryske bern ynintsje tsjin it type C. Yn juny wurde de earste twa groepen oproppen. It giet dan om bern fan 14 moannen oant 5 jier en om jongerein fan 15 oant en mei 18 jier. De oaren folgje letter.