De Rottefalle wol nije kangoeroe

10 apr 2002 - 00:00

De Rottefalle moat in nije kangoeroe ha. Mei twa herten is it bist ferline wike út it hertekamp ûntkommen. It stek wie fernield. De herten waarden gau fûn, de kangoeroe pas snein.

Doe't frijwilligers it bist fange woene, gie er op 'e rin. Hy bruts syn poat en moast ôfmakke wurde. De behearder hopet op in sponsor foar in nije kangoeroe. Dat kostet 800 euro.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)