Staking fan bussjauffeurs driget

© Omrop Fryslân
De bus is mooglik tongersdei en freed fergees. Oft de aksje trochgiet, hinget ôf fan de cao-ûnderhannelingen dy't woansdei binne. De fakbûnen easkje fjouwer prosint mear lean.
De direksje fan Arriva wol net reagearje op de drigende staking. Der soe noch rûmte sitte yn it oerlis tusken de partijen. It bedriuw giet út fan in goed petear, sadat der gjin aksje komt.