Digitale oanjefte slacht oan
De proef om digitaal oanjefte te dwaan, rint boppe ferwachting. De plysje hie rekkene op twa oanjeftes per wike, mar op dit stuit komme alle dagen meldingen fia de kompjûter binnen.
Yn trije gemeenten, Harns, Frjentsjerteradiel en it Bilt, is it eksperimint begûn. It giet om oanjeften fan lytse kriminaliteit, lykas fernielingen en dieverij.