Frysk patint op borduerpatroan

09 apr 2002 - 00:00

Sjoukje Hamstra fan Marrum hat patint krigen op it krússtekpatroan fan it Fryske lêsplankje. Se woe al langer it plankje mei 'Jaap, Lys, Mem' borduerje, mar koe it patroan net krije.

In hânwurkbedriuw út Alkmaar hat holpen it patroan te meitsjen. De paketten mei jern, stof en it patroan wurde dizze wike levere. It is foar 75 euro by frou Hamstra te krijen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)