Spul by Dantumadiel '82

09 apr 2002 - 00:00

Sjerp de Jong fan Feanwâlden is mei spul út 'e riedsfraksje fan Dantumadiel '82 stapt. De Jong krige neffens eigen sizzen te min romte fan 'e oare fraksjeleden om 'nei eare en gewisse' syn miening te jaan oer de kandidaat-wethâlders.

Neffens De Jong foldocht ien fan 'e kandidaat-wethâlders net oan de easken. Om wa't it giet wol er net kwyt. De Jong giet troch as ienmansfraksje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)