Streekmuseum Burgum wreidet út

08 apr 2002 - 00:00

It streekmuseum en de folksstjerrewacht yn Burgum hawwe grutte plannen. It museum wurdt nei de simmer flink útwreide. Der komt in kelder mei in nije oanbou by it museum.

Men wol sa mear besikers lûke en der moat rûmte komme foar praktyklessen fan middelbere skoallen. De útwreiding kostet 225.000 euro. Nei de boufakânsje set de nijbou út ein.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)