Rikst Valentijn net nei EK?

08 apr 2002 - 00:00

Turnster Rikst Valentijn docht mooglik net mei oan it EK, fan 18 oant en mei 21 april yn Grikelân. Ferline jier waard de Oranjewâldse 28ste op it WK yn Gent, nei in soad blessuereleed.

It turnbûn makket woansdei de seleksje bekind. Van de Leur, Harmes, Wammes, Nuijten en Endel binne wol wis fan it EK. Trainster Bijlholt skat de kâns dat Valentijn ek giet op 50 persint.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)