Feest Mennistetsjerke De Knipe

© Omrop Fryslân
Foar de Mennistetsjerke op 'e Knipe wie it sneon feest. Yn in bysûndere tsjinst waard fierd dat it tsjerkegebou 'De Vermaning' yn 1751, sa'n 250 jier lyn, boud is. De tsjerke siet sneon grôtfol.
De Mennistetsjerke op 'e Knipe is bysûnder omdat dêr de earste froulike dûmny út de skiednis, Anna Zernike, oan it wurk gie as predikant. Dûmny Trijn de Boer late sneon de tsjinst.