Willem Faber wint heale maraton

© Omrop Fryslân
Willem Faber fan St Nyk hat sneon de Ljouwerter heale maraton op syn namme skreaun. De atleet hie 1.11,03 nedich foar de 21,1 kilometer. Faber rûn nei 10 kilometer fuort fan Rudy Sinnema.
De Ljouwerter waard twadde yn 1.13,58. Feteraan Jan de Lange fan Tuk einige as tredde yn 1.15,54. By de froulju waard Yvonne Kassenberg fan Burgum earste yn 1.27,14, in nij persoanlik rekord.