Fiskers telle kokkels

05 apr 2002 - 00:00

Kokkelfiskers binne dizze wiken drok dwaande mei it tellen fan kokkels op it Waad. Dat dogge se mei de hân. Fia de tellings wurdt fêststeld hoefolle oft se nei septimber fange meie.

Meikoarten beslút de Twadde Keamer mooglik ta in ferbod op it kokkelfiskjen op it Waad. Neffens de fiskers is de fiskerij net skealik en lizze earder befiske perselen al wer grôtfol.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)