Douwe Tamminga (92) ferstoarn

© Omrop Fryslân
Yn Ljouwert is freed skriuwer/dichter Douwe Tamminga ferstoarn. Tamminga debutearre yn 1934 as dichter mei de bondel Brandaris. Fierder wie er tige aktyf as skriuwer. Hy publisearre be- nammen in soad taalwittenskiplik wurk.
Tamminga wie fan 1962 oant syn pensioen as wittenskiplik wurdboekmeiwurker ferbûn oan de Fryske Akademy. Tamminga wie al in skoft siik. Hy waard 92 jier.