Faksterreur yn Kollum

04 apr 2002 - 00:00

Undernimmers yn Kollum krije de lêste tiid faksen mei nuvere teksten. As se de ôfstjoerder belje, docht bliken dat se fan Twadde Keamerlid Middel ôf komme. Mar Bert Middel (PvdA) wit fan neat.

Yn de faksen steane misledigjende teksten oer âld-boargemaster Visser. Elkenien stiet foar in riedsel. Middel hat noch gjin oanjefte dien. Ek bedriuwen bûten Kollum wurde bestookt.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)