NNBT ûnder de lûp

© Omrop Fryslân
Alle funksjes by it NNBT moatte goed besjoen wurde. De oankundige reorganisaasje by it Noard Nederlânsk Buro foar Toerisme giet de trije noardlike provinsjes net fier genôch.
Troch in fúzje fan VVV's is it NNBT ûntstien om effisjinter te wurkjen. Dat is net goed slagge. De rekreaasje-ûndernimmers, organisearre yn de Recron binne bliid dat der in ûndersyk ynsteld wurdt.