Bands Befrijingsfestival bekend

© Omrop Fryslân
De Nederlânske rapper Brainpower is de ôfslutende act fan it Befrijingsfestival yn Ljouwert op 5 maaie. Oare bands op it Aldehoustertsjerkhôf binne ûnder oare it Fryske Ramsk en de Nederlânske groepen Skik en Racoon.
Yn de Prinsetún steane artysten op it poadium dy't wrâldmuzyk meitsje. Op it program steane Tasha's World, Ismaïlia en de Fryske klezmerband Di Gojim.