Frou slachtoffer babbeltrúk

08 mrt 2012 - 11:13

In 77-jierrige frou út Ljouwert is woansdei op 'e dyk troch in pear froulju fan har horloazje bestellen. De frou rûn oer de Wijnhornstrjitte doe't se oansprutsen waard troch de twa. De froulju fregen har fan alles en se krige ek sieraden oanbean. Se krige kettingen omhongen en ringen oan de fingers skood. Uteinlik giene de froulju fuort yn in klearsteande auto.

Doe't it slachtoffer thúskaam, ûntduts se dat se har horloazje miste. De plysje siket minsken dy't wat sjoen ha fan dizze babbeltrúk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)