Personiel Philips pessimistysk

03 apr 2002 - 00:00

De wurknimmers fan Philips Drachten bliuwe foarearst pessimistysk oer de komst fan in nije CAO. De ûndernimmingsried neamt it goed dat de fakbûnen en de direksje fan Philips wer yn petear reitsje. Se achtsje in akkoart lykwols noch fier fuort.

De wurknimmers hâlde fêst oan in leansferheging fan 3,5 prosint. Philips seit dat net betelje te kinnen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)