Frysk bedriuw by boufraude?

02 apr 2002 - 00:00

Yn de boufraude wurdt no ek in bedriuw út Fryslân neamd. It giet om yngenieursburo Oranjewoud fan It Hearrenfean. Yn geheime stikken, dêr't de Volkskrant beslach op lein hat, wurdt it bedriuw neamd.

Wegebouwer Koninklijke Stevin soe mei it Fryske bedriuw priisôfspraken makke hawwe. De direksje fan it yngenieursburo is bot skrokken fan de stikken.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)