Gaslek troch koperstellerij

08 mrt 2012 - 10:57

Troch de stellerij fan in tal koperen liedingen is woansdei yn Appelskea in gaslek ûntstien. De meldkeamer krige om kertier oer fiven te hearren dat der in sterke gaslucht hong om in hûs hinne oan de Oude Willem.

De plysje sette de dyk ôf en it gasbedriuw makke it lek. Doe waard dúdlik dat der koperen buizen stellen wiene mei in stik fan de gaslieding. Dêrtroch wie it lek ûntstien. De eigener hat oanjefte dien.

Trefwurden: 
stellerij gaslek Oude Willem
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)