Nije sport op hûneshow yn FEC

01 apr 2002 - 00:00

Doggy dancing, oftewol dûnsje mei de hûn, wie ien fan de hichtepunten op de ynternasjonale hûneshow. Tûzenen belangstellenden wienen Peaskemoandei nei it FEC yn Ljouwert kommen om 2100 hûnen te besjen.

Ferline jier gie de show net troch, fanwegen de tongblier. It jier dêrfoar wienen noch 2600 bisten op de show. Dit jier wienen der mear nasjonaliteiten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)