Museum yn Warkum ticht yn simmer

© Omrop Fryslân
It Pastoar Janning Museum yn Warkum hâldt dit jier de doarren ticht om't it net feilich wêze soe foar de besikers. It museum foar tsjerklike keunst sit yn de eardere pastory fan de roomkse tsjerke en dy wurdt no restaurearre.
It museum is altyd fan 1 juny oant 15 septimber iepen. Tocht wie dat de restauraasje sa pland wurde koe dat it museum wol gewoan iepen wêze koe.