Diskusje oer útsetten otters

© Omrop Fryslân
Oer de needsaak fan it útsetten fan otters is diskusje ûntstien. De Dútske otterekspert Reuther seit dat it gjin doel hat om bisten út te setten yn Nederlân. Neffens him komme se fansels wer werom yn de natuer.
Yn maaie wurde otters út Letlân helle. Dy wurde dan útset yn natuergebiet de Weerribben yn it grinsgebiet fan Fryslân en Oerisel.