Munysje ta ûnploffing brocht
De Marine hat Peaskesnein op de Noardsee 69 granaten ta ûntploffing brocht. De eksplosiven, fan elk 25 sentimeter lang, kamen freed foar it ljocht by strânhotel Seeduyn op Flylân. Se binne mooglik ôfkomstich fan Dútsk loftôfwar út 'e Twadde Wrâldoarloch.
De marine giet derfan út dat der gjin eksimplaren mear ûnder it sân lizze. Der wurdt dan ek net mear socht.